Theun de Vries boekenmarkt

In slagge dei.

Krekt as ferline jier stie Doarpsbelang wêr mei in kreamke op é Theun de Vries boekemerke om sa har wurk oan de man te bringen. En foar de leafhawwer wie der ek wêr in kwiske oer ús doarp. Nochal wat besikers ha de fragenlist ynfult en riedt wêr’t de 5 fotookes yn it doarp makke wienen. In pear yn it each springende punten by de antwurden dy’t joen waarden. Der wienen bygelyks net safolle dy’t wisten dat de ynwenners fan Feanwâlden ek wol Gleonkoppen neamt wurde. Net foar niks dat it blêd fan de Theun de Vriesskoalle sa neamt wurdt. Dat it Amelân net allinich in eilân is mar ek in diel fan it Bûtenfjild is ek hielwat besikers ûntgien. En neigenoch mar in pear wisten dat it doarpskrantsje fan é Wal de Wetterkwetter hjit.

IMG_3050

Ek ferskillende fotookes joegen de nedige swierrichheden. Bygelyks it opskrift “de lytse Tichelkamp”. Dat by it 150 jierriche bestean fan de menniste tsjerke op de pastorij dit boardsje kaam is koenen mar in pear besikers “sizze”. En dat yn de bankjes fan it grienpafiljoen op é Koemarkt fragminten grafeart binne út gedichten fan Theun de Vries wist ek net elsenien. En it die blyken dat der net folle besikers sa faak op é Finnen komme. Oars hienen se wol witten dat it grutte yn it each springende anker dêr leit. Dochs dreecher dan tocht. Der wienen treie persoanen dy’t 12 fan de 15 fragen goed hienen. Nei lotting kaam Jaap van der Laan , it sûnt koarten nije lid fan ‘e redaksje fan it Doarpskompas, as winner út de bus. Hy kreit ynkoarten in kadobon fan é HAB tastjoert. Al mei al in tige noflike dei mei hielwat echte boekeleafhawwers. Wy hienen it waar dizze kear lokkich mei: de buien gienen Feanwâlden moai foarby.

IMG_3053

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s