Sutelaksje grut sukses!

De sutelaksje mei Fryske boeken yn Feanwâlden hat inkele tûzenen euro’s opbrocht. Eksakte sifers wurde letter bekend. Yn Feanwâlden hie Doarpsbelang tritich frijwilligers ree fûn om mei fyftjin kroaden by de doarren del te gean. De frijwilligers krigen ûnder oaren stipe fan de skriuwers Ferdinand de Jong en Hylke Speerstra.
Sutelaksje 1
By de best ferkeapjende boeken hearden ûnder oaren Bedoarne hannel fan Ferdinand de Jong, Om Doutzen fan Rommert Tjeerdsma en It Grutte Foarlêsboek. Tweintich prosint fan de omset yn Feanwâlden is foar de feriening, dy’t de frijwilligers en de kroaden levere. Sawol it bestjoer fan Tsjil as de lokale organisaasje binne tefreden oer it ferrin en it resultaat fan de aksje yn Feanwâlden.
Sutelaksje 2
Stifting Tsjil is oprjochte om de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân te befoarderjen. Dit jier wurdt der yn sa’n fyftjin doarpen sutele troch lokale ferienings of ynstellings. Tsjil is fan doel en set de aksjes takom jier troch. Ferienings dy’t sutelje wolle, kinne harren melde fia de mail: stiftingtsjil@gmail.com

Sutelaksje 3
(parseberjocht en foto’s fan Stifting Tsjil)

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s